Bydrage PvdA begrutting 2022

9 november 2021

Bydrage PvdA begroting 2022

ús kompliminten oan it kolleezje fan Opsterlân, dy’t op meardere fronten foarop gong yn de striid en lobby foar mear jild foar gemeenten mei in fokus op de Jeugdsoarch.

By it lêzen fan de begrutting 2020 moest ik tinke oan myn Mem. Sy sei faak: “een mens lijdt dikwijls het meest door het lijden dat hij vreest, maar dat nooit op zal komen dagen.

No bestiet der gjin inkele garânsje foar dat wurd “noait” want der binne grif noch in tal bedrigingen, sa as de werferdieling fan it Gemeentefûns. Dat liket mear op in JoJo dan op in objektyf instrumint. Mar dat wy no net besunigje hoege is goed nys. Foar ús boargers, foar ús maatskippelike ynstellingen, foar goede plannen dy’t op de plank lizze en foar it ûntstean fan nye boargerinisjatyfen.

In brêge nei de takomst bouwe jo net foar fjouwer jier. En der is noch in protte wurk oan de winkel en gelokkich binne der kansen en útdagingen om Opsterlânders diele te litten yn de slogan fan de Regiodeal dat wy stribje nei “brede welvaart”. Foarsjenningen yn de Gordyk, koersplannen foar doarpshûzen, betelbere wenningbouw, stipe foar sport en kultuer, de energtransysje, it fersterkjen fan natuer en biodifersiteit en net yn it leste plak omtiken foar minsken dy’t it soms tydlik en soms hielendal net allinne rêdde yn dizze mienskip.

Hoe is it moochlik dat yn sa’n  ryk lân as Nederlân safolle bern opgroeie yn earmoed en de Voedselbanken florere? Nei oanlieding fan de Taslagenaffaire, it gegriem binnen de Partisipaazjewet oer it omgean mei jeften yn de bystân, kinne wy as gemeente Opsterlân der foar soargje dat de minslyke maat werom komt. En as it Ryk dat dan net docht omdat sy boargers net fertrouwt, dan moat it mar fan ûnderop komme. Wy sille oer dit ûnderwerp twa moasjes yntsjinje wêr Opsterlân sjen lit dat se mar al te graach yn it linker rigje stiet fan de meast sosjale gemeenten yn Fryslân. Yn de twadede moasje wurdt it kolleezje oproppen om te ûndersykjen wat de ynhâldelike en finansjele gefolgen binne fan it ferheegjen fan de kwyskeldingsnoarm fan 110% nei 120 of 130% .

Ta beslût noch in pear “losse flodders”.Tank oan it kolleezje foar de posityfe antwurden by de begruttingsbehânneling yn de oriënterende ried as it giet oer de takomst fan de Voedselbank, de indexering fan lytse sociaal-kultuerele ynstellingen en om alles út de kast te heljen as it giet om energie-earmoede, sa as it ynsetten fan it Kalamiteitenfûns en it helpen by isolatie fan hierwenningen.

Dit is de leste kear dat ik in begruttingsbehanneling doch. It Heintje Davidseffekt is foarby. It wie in grutte ear om yn dizze koalysje gear te wurkjen mei ús partners OB en CU. De gearwurking wie konstruktyf en yn de persoanlike ferhâldingen ek waarm. De trije ûntwikkelagenda’s  steane as in hûs mar binne noch lang net klear. Dus foar ús smakket dit nei mear. Mar gelokkich giet de kiezer dêroer.

De grutste útdaging foar de politiyk is misskien wol it herstel fan fertrouwen yn de polityk, Dy polityk is der yn in demokrasy net foar it systeem mar foar minsken fan fleis en bloed. Wa’t dy democratsy koestert stoppet mei it Trumpiaans fersprieden fan nep-nys, mar soarget foar in dúdlike, konsekwinte en earlike oerheid………..dat feest kin begjinne yn Opsterlân!

8 nov. 2021

Roel Vogelzang, fraksjefoarsitter PvdA Opsterland

Hieronder kunt u de Nederlandse versie lezen

Algemene beschouwingen 2022-03

En hier de ingediende moties:

Motie vrijlaten giften in de bijstand PvdA

Motie PvdA bijstandsnorm