Algemiene Skôgings PvdA Opsterlân 2015
It jier 2015
Hoe sil 2015 de skiednis yngean: As it jier fan de weriepening fan it Polderhoofdkanaal, it fêststellen van de Omjouwingsfyzje (troch myn fraksjegenoat Doeke Venema werdope ta de Omgongsfyzje), it nije bestimmingsplan Bûtengebied, it (tydlik?) yn de wacht sette fan de OWO-gearwurking mar ek it jier fan it ôfskied fan trije leden fan de ried, wêrûnder twa fraksjefoarsitters;
En litte wy der mar fan útgean dat hjir oare wike noch oan tafoege wurde kin: it lang om let nimmen fan in beslût oer it akkommodaasjebelied yn de Gordyk.
Mar al dizze foar Opsterlân wichtige punten falle yn it neat by it echte grutte fraachstik fan 2015: flechtelingen. Ek Opsterlân hat hjir mei te krijen. De namme Opsterlân wurde troch Geert Wilders neamt yn de Twadde Keamer. Mei it yntsjinjen en oannimmen fan in moasje yn april siet ús gemeente op de foarste golf. Opsterlân joech in sinjaal ôf doe de grutte flechtelingenstream der noch net iens wie. Mar wy binne no in heal jier fierder. Wy sjoche oant no ta werom op in soarchsum proses yn Opsterlân. Efter de skermen wurdt hurd wurke oan oplossingen. Opsterlân wie ien fan de earste gemeenten dy’t pleite foar lytsskalige opfang. It COA woe der neat fan witte. Flechtelingenopfang wie in ‘bussiness-case’. Mar gelokkich keart it tij. Hyltiid faker hearre wy yn it debat de passage ‘naar aard en schaal’. Streekrjocht oernaam út de moasje fan ús gemeente. Mar it is no wol de heechste tiid om alle wurk fan efter de skermen te ferpleatsen nei foar de skermen. Wy ferwachtsje op hiel koarte termyn in ‘ferantwurding’ fan it kolleezje sadat we hjiroer yn it iepenbier it debat fiere kinne. En dan hoopje en ferwachtsje wy in debat dat yn alle opsichten ek in foarbyldfunksje ha kin. Dus net in debat fan roppers en razers en bedrigingen. Mar in debat dat toetst wurde kin oan wichtige tradysjes yn dit lân: ferdraagsumens, tolerânsje en respekt. Op dit stuit binne alle nuanses yn it lanlik debat fier te sykjen. It is of swart of it is wyt. Wy hoopje op in debat my op syn minst ‘vijftig tinten grijs’.
Graach wolle wy ek by dit thema grutsk wêze op Opsterlân. Sa as wy grutsk binne op al ús frijwilligers, op it feit dat wy it stypjen fan Tumba trochsette en net yn it lêste plak op de omgongsfoarmen binnen dizze ried.
Begrutting 2016:
Eins kinne we der koart oer weze. Konsolidearje en hjir en dêr in bân plakke. De algemiene skôgings oer de begrutting 2016 ha wy al hâlden op 28 september fan dit jier. Wy ha yn us fyzje op besunigingen oanjûn dat it soarchscenario en it behâld fan libbende doarpen elkoar fersterkje kinne. Wy ha ek dúdlik makke wêr wy wol en wer wy net op besunigje wolle en wy ha pleite foar in ferheging fan de OZB. En dat dit lêste no bart yn de begrutting 2016 hat by ús net laat ta triomfalisme. Lokale belestingen binne mar in middel. Belestingheffing is in ynstrumint om winsken te realisearjen. Net mear en net minder! Wat ús wol opfoel by de besuniginsdiskusje wie dat de koalysje de twa scenario’s dyt it beste skoarden op de partsipaasjejûnen ienriedich klaime as paslik by it koalysjeakkoord. Fan de iene kant is dat moai, want dat makket takomstige diskusjes oer besunigingen op de soarch helder. Dêr fine de PvdA en de koalysje elkoar dus. Mar it kloppet net hieledal. Yn it foarste plak wienen der yn it begjin fan de diskusje oer de scenario’s mar trije scenario’s. It soarchscenario wie dêr net by en dat is op útstel fan de PvdA oan de scenario’s tahjekke. Dêrnêst hienen wy foarich jier bêst wol krityk op de besunigingen fan de koalysje. Tink derby oan de Voedselbank, SUN, Buur en Co, de partisipaasjerieden (CUMO en WMO-ried). Mar wy telle ús seinen no. De echte diskusje komt by de begrutting 2017. Dat sil in hiele poepetoer wurde, seker as de prekario-hin mei de gouden aaien dochs noch oan ús doar foarby rint. Want litte we earlik wêze, wy witte no al dat it nije IHP(it hûsfestingsplan foar it ûnderwiis) de gemeente struktureel sȧn € 170.000 mear kostjen giet. En dêr sil dochs gjin riedslid nee tsjin sizze? Ek de kosten fan de sportprivatisearing binne noch net yn de begrutting ferwurke. En kin it kolleezje oanjaan wat de besjujtting is fan it foardiel op bystân (LC fan 7 november ).Graach wolle wy begjin 2016 de dialooch mei de boargers oer besunigjen trochsette. Dat betsjut dat dit proces foar de simmerfakânsje klear wêze moat. Hoe wol it kolleezje dit oanpakke en hoe sjocht de ried krekt har eigen rol? Misskien moatte wy dêr aanst it debat mar oer fiere.
Ta beslût
Kin it noch better yn ús moaie gemeente? Ja wis wol. Guon prosessen binne kliemsk (stroperich dus). Dit besjut dat saken faak lang duorje. Ek is gauris ondúdlik wat no de prestaasjes binne dy’t de gemeente berikt. Wy ha der by de ferantwurding 2014 hiel kritysk oer west. De moasje oer it SMART formulearjen fan belied is wol wer wat fuortsakke. En ék it kommunikatief fermogen fan it kolleezje (of misskien kin ik better sizze fan in stikmannich kolleezjeleden (wa de skoech past…) kin wol in ‘boost’ brûke. Tink dêrby oan de diskusje oer de ûntwikkeling by de Wissel, it ferkeapjen fan in trottoir (as snippergrien) oan it Merkelân en it krijen fan draachflak foar in MFA yn de Gordyk. Wat dit lêste punt oanbelanget: It oan de gemeenteried tastjoere fan in oersjoch fan de fierde petearen is wat oars as echte kommunikaasje en it serieus nimmen fan noed fan minsken. Wa leauwt yn ‘de kreft fan de mienskip’ handelt dêr ek nei.
Foarsitter. Tank oan alle minsken dy’t oan dizze begrutting wurke ha en yn dit gefal jildt dat grif foar it team dat de tarieding fan de partisipaasjejûnen organisearre hat.
Roel Vogelzang, fraksjefoarsitter PvdA Opsterlân.