Door Roel Vogelzang op 3 november 2014

Algemene beschouwingen begroting 2015

Fractievoorzitter Roel Vogelzang van PvdA Opsterland hield vanmiddag 3 november 2014 bij de algemene beschouwingen begroting 2015 de volgende kritische inleiding. In zijn algemene beschouwingen geeft Vogelzang een scherpe analyse op de zorgpunten, die de PvdA ziet, zoals de financiële ontwikkelingen van onze gemeente, die niet rooskleurig zijn. Ook op het gebied van minima en armoede en vooral op het thema werk met name voor mensen met een arbeidshandicap geeft Vogelzang de visie van de PvdA aan.

Algemiene skôgings PvdA Opsterlân begrutting 2015

Foarsitter, griffier, leden fan de rie,  kolleezje, ambtners  en ynwenners fan ús gemeente dy  ús folgje.

Foarút yn de tiid: it jier 2044

As immen oer bygelyks 30 jier de skiednis fan Opsterlân noch  ris troch nimt, wat sil der dan te finen wêze oer it jier 2014.

Mei grutte swarte letters sil hy of sy dêryn lêze dat op 17 juli fan dat jier de MH17 delsketten is. Twa ynwenners fan De Gordyk kamen dêrby om it libben. Ús fraksje wol it kolleezje en yn it bysûnder de boargemaster komplimintjearje mei de wize wêrop op dizze ramp reagearre is. Adekwaat en mei waarmte.

Ek wurdt út it skiednisboekje dúdlik dat 2014 in hiel wichtich  jier wie foar it Polderhaadkanaal. De flagge út yn Nijbeets en omkriten. Mar ek in gefoelige tik foar de lokale ponge.

2014, it jier fan de tarieding fan de trije grutte desintralisaasjes. As wy  it skiednisboekje leauwe meie hat Opsterlân dat doedestiids hiel goed oanpakt. De gemeente slagge deryn om it net by in transysje te litten mar echt in transformaasje troch te vieren. De gebietsteams wurden berne. It begryp maatwurk (dat neamden de minsken derfoar rjochtsûngelikens) krige hânnen en fuoten. Yn wêzen wurde doe de lokale demokrasy opnij útfûn op wyk- en doarpsnivo. De oanpak wie sa’n sukses dat wy no ek begripe wêrom der yn de gemeente in Wietse Kooistrastrjitte  is.

En wat lês ik hjir: doedestiids njoggen fraksjes yn de gemeenteried? Wat in drôvens. Mar der stiet ek noch by dat de PvdA (bestie dy partij yn 2014 ek al?) doedestiids it ynisjatyf naam hat om de fersplintering fan de polityk tsjin te gean. Dat hat lang om let laadt ta trije grutte blokken yn de ried. Moai oersichtlik en  ek noch in goed debat. Fansels hat it lânlik ynfieren fan in folle hegere kardrompel wol holpen by it tsjingean fan dy fersnippering.

En ek noch in nije boargemaster yn 2014. Ellen van Selm út Lelystêd kaam dat jier. Se hat it grif goed dien, oars wie der gjin Ellen van Selm-pinning útfûn foar minsken dy in bûtengewoane prestaasje leferje yn soarch en mienskipssin.

Werom nei hjoed (2014)

De minsken dy de skiednisboekjes lêze fine dêryn neat wêrom oer saken as de “de krêft fan de mienskip”. Dy is fan alle tiiden. Ek gjin wurd oer de “ fasiliterende oerheid” of oer “de kanteling”. De kans is grut dat yn 2044 de oerheid al fjouwer kear werom kantele is. Hoe sjocht de PvdA nei de begrutting 2015? Wy dogge dat troch te sjen mei de bril fan sosjaal demokratische wearden. Foar ús binne de wichtigste wearden solidariteit (minder ik en mear wy), earlik diele, soarchje foar elkoar, elkenien telt en docht mei en alle minsken hawwe rjocht op in fatsoenlik bestean. Dat kompas helpt ús by it beoardieljen fan it beleid. En om it noch mar ris  opnij te sizzen: oer 80% binne wy it yn de gemeente Opsterlân iens. Dat besjut ek dat wy in hiel grut part fan it belied en sels de besunigings stypje kinne. In protte fan dy beliedsferoarings  (tink hjirby oan de koaren en korpsen) lost de krêft fan de mienskip sels wol op. Mei in bytsje mear kontribúsje, de hannen út de mouwen en in fatsoenlike oergongsregeling komt dit wol op syn poatsjes terjochte. In ekstra ynfestearing fan it kolleezje yn goede  kommunikaasje  liket wol nedich.

Soarchpunten

Mar der binne foar ús ek in pear soarchpunten yn dizze begrutting. Yn it foarste plak giet it om de algehiele finansjele posysje fan ús gemeente. Der is de lêste jierren omraak intarre op reserves. De septembersirkulêre falt negatyf út en dat jildt noch yn sterkere mjitte foar it ynkommenspart fan de Partisipaasjewet. De begrutting slút mei in foars tekoart, wy betelje no al € 266.000 oan rinte en wy hawwe ek noch in protte ambysjes. Dat binne de struktuerfersterkjende projekten, it akkommodaasjebelied en rekreaasje en toerisme. Stoere taal yn de begrutting, mar tsjin hokker priis wolle wy dat realisearje. Dat freget yn ús eagen it oare  jier om in noch gruttere besunigingsoperaasje, wêrby gjin tsiisschaaf mear helpt. Of it moat al wêze dat Opsterlands Belang in kear nei de dokter giet om holpen te wurder oan har OZB-foby. Dan binne wy  ek ferlost fan de dûbbele moraal dy yn dizze begrutting sit: wol 1,7 miljoen binnenhelje út prekario op kabels en liedingen. Oft dy lesten net terjochte komme by hûshâldens! En it ferheegjen fan de OZB is sa raar noch net want OZB makket mar foar in lyts part diel út fan de totale wenlêsten fan boargers. Boppedat sit yn it systeem sels it begjinsel fan de sterkste skouders dyt de swierste lêsten drage. Foar in hierwente wurdt minder bettelle as foar in keapwente.

Yn it twadde plak fine wy dat it belied op it mêd fan minima en earmoed wat meager oan bod komt. Sa falt it op dat it wurd “kindpakket” yn de begrutting net foar komt. In reden te mear om de sosjale teams te yntegrearjen yn de gebietsteams. Omdat de kosten fan it sosjaal domyn noch net dudlik binne en de gemeente wol in soachplicht hat fine wy it eins ûnferantwurde om de reserve fan € 255.000 foar de ynfiering fan de 3 D’s no al werom te draaien.

Yn it tredde plak falt ús op dat yn de begrutting 2015 tekstueel noch lang net de slach makke is nei de sa winske “fasilitearjende gemeente”. Der wurdt noch tefolle âlde taal brûkt. Ek sjogge wy dat parten fan de programma’s “Ontspannen en Leren” yn de takomst falle ûnder it brede sosjale domyn. Miskien mat der noch ris neitocht wurde oer in nije programma-yndieling. Sawol de oanpak yn it sosjale domyn, de omjouwingsfysje  as de trochûntwikkeling fan de tsjinstferliening kinne dêr oanlieding ta jaan.

It grutste soachpunt foar de PvdA hat  eins net iens safolle mei dizze begrutting te meitsjen, mar wol mei it tema WURK en de taken dy’t de gemeente kriget om minsken mei in arbeidshandikap oan wurk te helpen. Wurk is hiel wichtich foar minsken. It jout ynkommen, status en sosjale kontakten. Warskynlik is der net genoch wurk yn ús regio. En de gemeente sels is ek gjin “banenmotor”. Dit freget it úterste fan ús organisaasje.  Kreatyf tinke, de boer op nei bedriuwen, sels it goede foarbyld jaan (tink oan ‘social returnquota’ yn ús oanbestegingsbelied)mar ek op syk nei projekten mei subsidiearre arbeid. Better wurk mei stipe dan  gjin wurk. As der ien tema is wat de kommende jierren in task-force fersjinnet, dan is it wol de wurkgelegenheid.

Besunigje mei fysje

Wy wolle de kommende jierren mei alle fraksjes yn de ried wol op syk nei in bettere balâns tusken kuratyf belied en preventyf belied. Wy moatte it hynder net efter de wein spanne. Ynfesteare yn prevensje, algemiene foarsjennings yn dorpen, goed ûnderwiis, sport, kultuer, bern dy boartsje kinne foarkomme dat wy letter hege kosten krije omdat djoere help ynset wurde moat. Tsjin dy eftergrûn fine wy in besuniging fan 15% op Timpaan “disproporsjoneel”. Ûnbegryplik dat in projekt as ‘Buur en Co’ no wêr ôfbout wurdt. In netwurk fan frijwilligers rûnom  kwetsbere en iensume minsken is dochs krekt wat wy wolle? En in gemeente dy’t kantelje en fasiliteare wol omdat de krêft fan de mienskip mear brûkt wurde moat besunigt dochs net op de stipe oan frijwilligers en mantelsoarchers? Wol it kolleezje noch ris mei Timpaan oan tafel om te besjen of wy tsjin dizze eftergrûn net ferkeard of te folle besunigje? Yn de twadde omgong tjinnje wy (mei oare fraksjes) een maosje yn oer Buur & Co.

De besuniging op de Voedselbank stypje wy net. Omdat de besuniging earst in 2016 yngiet hat it kolleezje foarige wike tasein mei de Voedselbank en ek mei SUN yn oerlis  te gean.  Wy ferwachtsje dat de besuniging op de Voedselbank fan tafel giet. Kin it kolleezje de ried dêr yn it foarjier ferslach fan dwaan? Wy wolle ek graach dat it kolleezje noch ris opnij sjocht nei de besuniging op de kliėntenpartisipaasje. It trije-D aventoer freget om in stevige “luis in de pels”.

De besuniging op Tûmba wolle wy graach no fan tafel. Ik sil in de twadde omgong in amendemint yntsjinje (mei út namme fan meardere fraksjes). Dan sille wy ek útlizze wêrom wy in ûndersyk om it antydiskriminaasjebelied sels of oars út te fieren net nedich fine.

Wêrom ha wy in gemeentebestjoer?

De measte saken yn it libben geane fansels. De sinne komt op, de bus rydt, de  bern boartsje, minsken rinne in blokje om. Dêr hoecht in gemeente net folle foar te dwaan. Mei de ear strike fan al dat moais kinne wy net . As wy earne grutsk op wêze kinne is it datjinge wat wy as gemeente (faak tsjin de ferdrukking yn) ta stân brocht hawwe. Dat is bygelyks ús sosjaal belied. Ik ha al sein dat dit yn dizze begrutting wat meager formulearre is. Mar de grutste werkansing sit der oan te kommen. De kommende wiken stelt de ried  it nije sosjaal beliedskader fêst. Wy  nimme der gjin foarskot op, mar wy ha der wol fertrouwen yn. Wy hawwe in gemeentebestjoer om dêrfoar te soarchjen dat de saken dy wy wichtich fine en dy net fansels gean moochlik te meitsjen. Minsken krije in earlike kâns om mei te dwaan.  By ûngelikens, troch krapte oan sûnens of jild, of troch verskilllen yn útgongsposysje komt de gemeente yn aksje. Opsterlân wurdt in gemeente wêryn elts en ien ta syn of har rjocht komt. Dêr moatte wy ús skouders ûnder sette. Mei inoar!! Sa dat de minsken fan 2044 net sizze kinne dat wy in 2014 de beskaving ferkwansele ha.

Foarsitter. Tank oan alle minsken dy’t oan dizze begrutting wurke ha. Wy hoeche it net mei alles iens te wêzen om dochs te begripen dat it in hiele poepetoer wie.

 

Roel Vogelzang, fraksjefoarsitter PvdA Opsterlân

 

Roel Vogelzang

Roel Vogelzang

Roel wordt de nieuwe fractievoorzitter. Roel is een energieke en enthousiaste man met veel ervaring. Hij is sociaaldemocraat in hart en nieren. Kan door zijn werkervaring in maatschappelijke organisaties en bij diverse gemeenten, en vanuit zijn huidige functioneren als schaduwfractielid, de PvdA idealen goed vertalen naar praktisch beleid. Hij kan de fractie verbinden en het team

Meer over Roel Vogelzang