Argumint by Wetterwinning/Wetterproduksje Luxwâld (riedsgearkomste 27 maaie)
troch Rein Postma
De measten fan ús binne wol bekend mei de term “Salami-technyk”. Dizze technyk wurdt somtiden brûkt troch grutte bedriuwen. Yn de hoop dat it ferset by b.v. reorganisaasjes minder grut is, troch lytse stapkes te nimmen, wurdt de woarst hieltyd lytser.
As men weromsjocht op it proses dat oant no ta plakfûn hat, oangeande de “Wetterwinning/Wetterproduksje Luxwâld “, dan liket it derop dat it hjir giet om in: “Omkearde Salami-technyk”.
Dizze woarst is hieltyd grutter wurden, fan 10 meter nei 12 meter en fan 12 meter nei 20 meter. Wy hâlde lykwols net fan dizze woarst, hy is min te iten.
Opsterlân is in prachtige griene, wen- en rekreaasjegemeente wêr’t yndustry fan dizze proporsjes net past yn it bûtengebiet.
De Ried is net goed meinaam yn it proses. De QuickScan dien troch Vitens is op tal fan punten net objektyf, en derneist binne ek alle omwenners net goed belutsen yn it proses.
Wy binne ús wis bewust fan it algemien belang ien dizze, mar it algemien belang is net itselde as it belang fan Vitens en it belang fan Vitens is net itselde as it belang fan alle omwenners.
Fierder is it yn Fryslân gjin unike situaasje dat drinkwetterwinning op in oar plakfynt as drinkwetterproduksje.
De Ried is op grûn fan oerlis en de oanlevere ynformaasje fan Vitens en Kolleezje net genôch oertsjûge dat sawol winning as produksje yn Luxwâld plakfine moat en wier net op in hichte fan 20 meter.
Wy freegje it Kolleezje om op grûn fan nije ynsjoggen oernij in ” Ûnôfhinklike rappe ynventarisaasje/lês Quick Scan” út te fieren, en op grûn dêrfan de Ried in nij Riedsfoarstel en ûntwerpbestimmingsplan foar te lizzen.
Werby genôch rekken wurdt hâlden mei takomstige ûntwikkelings lykas de “Lely line en de 380 kV Heechspanningsferbining” dy’t op itselde plak ús bûtengebiet mooglik beynfloedzje gean.
Fjierder misse wy:
De ferkearsfeiligens by utfjoering fan it plan, dizze is net yn kaart brocht.
Der binne gjin ôfspraken makke mei omwenners oer fergoeding foar skea troch mooglike verzakkings troch de wetterwinning.
Yn ferbân mei in mooglike verzakking fan de grûn troch de wetterwinning fiene wy dat in nulmjitting foar elkenien yn it plangebiet essensjeel is en
Wy witte net wat der bart mei it metaangas dat by suvering fan it wetter frijkomt.
Fierdere motivaasje wurdt neamd yn de moasje