Algemiene skôgings PvdA Opsterlân 2016
Foarsitter, leden fan de rie, kolleezje, griffier, ambtners en ynwenners fan ús gemeente dy ús folgje
Hielke de Vries, respektearre lid fan dizze ried, fanôf dit plak fan harte betterskip winske. It wie Hielke dy by de algemiene skôgings fan 2015 de foarsizzing die dat 2016 -yn de Sjineeske jiertelling it jier fan it skiep- in jier wurde soe fan grûtmoedichheid en rêst en soarch foar oare minsken. As we sjoche nei de wrald om us hinne dan binne der in protte minsken dy noch nea heard ha fan it jier fan it skiep
En ek yn de gemeenteried fan Opsterlân wie der yn 2016 in debat mei in rourândsje: it yntegriteitsdebat yn maart. It like derop dat de koalysje en de opposysje twa wrâlden fertsjinwurdigden. It docht sear dat der troch de koalysje en it kolleezje hielendal net yngien is op konstruktive ideeen fan de opposysje. Wy sizze dit net om yn wrok wêrom te sjen. Wy sizze dit alinne om ûs gefoel te markearjen. Wy moatte mei elkoar fjierder: en de PvdA-fraksje makket diel ût fan de syktocht nei wat it bêste is foar de boargers fan Opsterlân.
Twa wrâlden sei ik krekt. Op de grêfstien fan de urnenkelder fan Floor Wibaut (âld PvdA-wethâlder fan Amsterdam) is de folgjende tekst beitele. “Er is maar 1 land – onze aarde. Er is maar 1 volk – de mensheid. Er is maar 1 geloof – de liefde”. Wat in wiisheid en dat 80 jier nei syn ferstjerren. Die wurden kinne my elke dei ontroere. It binne wurden dy it kompas wêze kinne nei it hoopjen op bettere tiiden. Want dy bettere tiiden binne hurd nedich. It fertrouwen fan minsken yn de polityk en polityke systemen raant flugger as iiskappen op de Noordpoal.
Mar litte wy op syn minst ûs best dwaan it fertrouwen fan boargers yn it gemeentebestjoer fan Opsterlân te winnen of te herwinnen. Dat kin troch dûdelike komminukaasje, troch minsken serieus te nimmen en net wei te setten as seurpieten. Dat kin troch earlikheid, basearre op it útgongspunt dat wat sein en beloofd wurdt yn oerienstimming is mei wat wy dogge. As it gemeentebestjoer yn de begrutting skruiwt: “we hebben ervoor gekozen bij de bezuinigingen preventieve activiteiten te ontzien om de sociale en maatschappelijke schade zo beperkt mogelijk te houden” en der wurdt dan wol besunige op doapenbelied, ,doarpshûzen en kultuer , dan “wringt” dat. As it adagium fan in partisipaasje-maatskippy is dat elkenien meidwaan moat yn dizzze maatskippy en der wurdt toch besunige op de WMO, op frijwilligersstipe en doarpssteunpunten dan wringt dat. En as yn it koalysjeakkoord stiet dat der net fjierder besunige wurdt op kultuer en jo wurkje yn of foar de kultuer-edukaasje of it bibliotheekwurk dan wringt dat ek.
Mei it kolleezje boargers misliede? De kop fan it parseberjocht oer de begrutting 2017 is: “Geen lastenverzwaring voor burgers”. In protte minsken dy dit lêze, lizze de krant wei en tinke gelokkich wy libje yn in finansjeel soene gemeente. Sy kinne wêr rêstich fierder sliepe en hoege har net mear drok te meitsjen oer de begrutting. Mar de wurklikheid is hiel oars. Hoe sa gjin lestenferswiering foar boargers? Dy boargers betelje yn de tariven foar stream en wetter wol moai 1, 7 miljoen Prekariobelasting op kabels en liedingen. Dat is mear as in bytsje OZB-ferheging . Ik kom dêr noch op werom. Hoe sa gjin lestenferswiering foar boargers? De besunigingen dy it kolleezje kiest, soargje der krekt wol foar. Ferheging fan de eigen bydrage yn it WMO-ferfier, de WMO-fergoeding eigen auto, it gymnastykferfier, de kultueredukaasje, of it biblioteekwurk. It binne allegearre foarbylden fan lestenferswiering foar boargers.
Yn de startnotitie stiet as wichtigste doel fan de begrutting 2017 dat dy structureel slutend wêze moat. Dat is net it gefal. Der wurdt foar de safolste kear troch dizze koalysje in greep yn de reserves dien. En dy reserves stean al onder druk. Der is de lêste jieren yntarre troch jierlykse finansjele tsjinfallers, dy ôfdekt wurde moasten of dy reserves binne “opstookt” yn grutte projekten. Is dat lêste slim? Nee seker net as boargers dêrfoar goede foarsjennings (sa as it IHP en MFA’s) werom krije. Oer in soad fan dy grutte projekten wiene wy it hjir yn de ried ek iens. Wy ha dy ynfestearrings dien foar de lokale mienskip. En dêr meie wy dochs ek wat foar werom freegje fan ús boargers? Ien trâns OZB-ferheging skoarde ridlik heech yn de begruttingswizer. Fuortendaliks dwaan soene wy as PvdA sizze. Belesting is in middel om winsken fan boargers te realisearjen. Boppedat drage dan net alinne doelgroepen sa as brûkers fan de WMO, de kultuer-edukaasje en it ûnderwiis by oan de besunigings mar krekt alle hûseigeners. It is in kar wêrby de sterkste skouders de swierste lêsten dragen. En wêr hawwe we it eins oer by sa’n OZB-ferheging? De ferheging betsjut foar eigeners fan in trochsneed wenning in ekstra lêst fan 2 euro yn de moanne. Dêr kinsto op gjin inkeld terras yn Opsterlân in pilske foar keapje. As we dat fergelykje mei de ferheging fan de eigen bijdrage yn it WMO-ferfier dan is dat in ferheging fan omtrint 40%. In brûker betellet dan by ien ritsje fan 50 kilometer € 3,50 mear foar dy rit. Ũnbegryplik dat it kolleezje wei rinnt foar in lytse ferheging fan de OZB. Mar lokkich genoch nimt mei it oantreden fan de neie fraksje-foarsitter fan OB it duale karakter fan de ried ta. De tiid sil leare of dit allinne “praatsjes foar de faak” wiene om’t de koalysje efkes de mearderheid yn dizze rie kwyt wie. Mar as dat net sa is dan kin elke dualist hjoed oan de bak. Wy as PvdA wolle nammentlik in oantal besunigingen net. Fêst net yn 2017. Earst oerlis mei de belutsenen en dêrnei in goed onderbouwd útstel yn de rie wêryn de effekten fan de besunigingen foar de mienskip dûdlik binne. Fanselssprekkend stiet hjir in deechlik dekkingsferhaal tsjinoer. Trije kear riede wer ús bfaorkar leit. Wy keapje hjirmei tiid om as gemeente “good governance” te toanen en wy krije wat mear tiid om te besunigjen fanût in fyzje. De kearn fan de riddenaasje fan professor Clarijs -krektlyn útsprutsen op in OWO-gearkomste yn Wolvegea- wie: “Asto wolst dat der yn de takomst minder bern bûten de boat falle, ynfestear dan no yn previnsje en frijedtiidsbeleid.” In wierheid as in ko. No ynfestearje yn previnsje, algemiene foarsjennings yn doarpen, goed ûnderwiis, sport. kultuer ensfh. kin foarkomme dat wy letter hege kosten krije om’t djoere help ynset wurde moat. It twadde foardiel fan ús besunigingsstrategy is dat wy de krêft fan de mienskip net ferspylje moatte. Wy sille dy mienskip hiel slim nedich hawwe om de toukes oan elkoar te knoopjen. As dat net mear slagget om’t wy de rek út de mienskip helje dan leit bestjoerlike opskaling en gemeentelike weryndieling op de loer.
Ta beslût foarsitter.
Wy ferwachtsje fan it kolleezje in moai plan foar it ynsetten fan de ekstra Jetta Klijnsma-jilden foar bern dy libje yn earmoed. Wy wolle op koarte termyn graach mei it kolleezje yn debat oer it werom dringen fan it hege oantal wurkleazen yn ús gemeente dat gebrûk makket fan de Partisipaasjewet. Dat drukt net allinne swier op ús begrutting, mar soarget ek foar in grutte ûnwissichheid by de minsken dy it oangiet. It is tiid – om de fraksjefoarsitter fan OB te sitearjren- foar onkonvinsjonele maatregels. Dêr binne wy it folslein mei iens. Der binne nei ús betinken kânsen om it âlde plan fan Leo Andringa “op te poetsen”. Net mei ferdringing op de arbeidsmerk, mar mei echte banen. Dat freget noch wat rekkenwurk. Yn it foarjier fan 2017 komme wy mei in ynistjatyf-foarstel. Wy hoopje dat kolleezje en ried hjiryn mei elkoar oparbeidzje kinne.
Tank oan alle minsken dy mei dien hawwe oan de begruttingswiizer. En tank oan alle minsken dy oan dizze begrutting wurke ha.
Roel Vogelzang, fraksjefoarsitter PvdA