Algemene beschouwingen begroting 2021

3 november 2020

Foarsitter, achte rie,

It regear hat de gemeenten de lêste jierren foar 4,7 miljard yn de sek naait. Mei troch de ynset fan ús kolleezje rjochting Den Haag is de pine in bytsje sêfter wurden. 350 miljoen derby foar 2020 en de folgjende jierren 3 x 190 miljoen. In doekje foar it blieden. It Ryk jout allinne mar tydlik ekstra jild. Hast alle gemeenten komme yn grutte finansjele problemen. En it gefolch is in delgeande spiraal. As it ryk de kommende jierren mear besuniget omdat Korona safolle jild opslokt, dan wurde gemeenten meisleurt de trep ôf. Want mei-inoar de trap op en mei-inoar de trep ôf is foaral de trep ôf. Mear as 100 gemeenten yn ús lân hawwe de begrutting net slutend krigen.

En Opsterlân dan? In slutend mearjierenperspektyf, gjin ekstra besunigingen op maatskippelyke organisaasjes en in mega-prestaasje om de kosten yn it sosjaal domein better yn de klauwen te krijen.

Want litte we mar dúdlik wêze. Alles wat wy no wei besunigje (doarpshûzen, sport, kultuer) sis mar de ikoanen fan in leefbere mienskip komt nea werom. Dus wêrom draaie wy it net om? Yn tiiden fan krisis krekt ynvestearje. Wy kinne it jild foar hast neat liene.

Dêrom wolle wy it kolleezje oproppe om in plan te meitsjen om anticyclisch te ynvestearjen. Yn infrastruktuur sa as feilige wegen en fytspaden, yn mienskipsfoarsjenningen, wentebou en yn duorsumens sa as in gemeentlik energiebedriuw. Wy sille alle plannen beoardiele op it beskermjen fan kwetsbere minsken en op ús útgongspunt dat de sterkste skouders de swierste lêsten drage moatte. Dus net nei in systeem dêr‘ t yn Koronatiid de skulden kollektyf betelle wurde en de winsten binnen it privaatdomein bliuwe. En no wy it toch oer Korona ha noch twa punten fan omtinken. Koronakosten moatte de strukturele begrutting net fertroebelje. Koronakosten binne yn prinsipe ienmalig en moatte gewoan kompenseart wurde.

Tink by Korona net allinne oan alles wat net mear kin en oan handhaving. Sjoch foaral ek nei wat wol kin ûnder feilige betingsten. Foar ûndernimmers, lytsskalige kulturele eveneminten ensafuorthinne. Belean inisjatyf op dit mêd. Dat set Opsterlân posityf op de kaart en dat betellet him letter altyd wer út.

Yn de oriënterende ried ha wy omtinken frege foar de Voedselbank en de indeksearing fan leanen en prizen binnen de kultuersektor. De beäntwurding fan it kolleezje jout ús it fertrouwen dat dit goed regele wurdt. Wy hâlde de finger oan de pols.

Ta beslút foarsitter. Wy moatte as ried of as Presidium noch is goed neitinke oer it fragenfestifal by de begruttingsbehanneling. D66 fynt dat 196 technyske fragen wat seit oer de ûndúdlikheid fan de begrutting. Mar wy as ried hawwe in eksplisite taak as it giet oer de saneamde horizontale ferantwurding. Dus ik soe gjin rem sette op it tal fragen , mar wol op de fragen dy elts jier opnij stelt wurde en dy’t meastentiids al beäntwurde binne op ynformaasjejûnen en yn brieven fan it kolleezje oan de ried yn it ramt fan de aktyfe ynformaasjeplicht.

Foarsitter ik slút ôf. Tank oan alle minsken dy’t wurke ha oan dizze begrutting. Ek tank oan it kolleezje, de griffy, de organisaasje en de boadetsjinst dy it mooglik meitsje om as ried ús wurk te dwaan.

Roel Vogelzang, fraksjefoarsitter