Door Roel Vogelzang op 10 december 2017

Algemiene skôgingen PvdA Opsterland 2017: “Elkenien foar jinsels….. en wa dan foar ús allegearre?

Foarsitter, leden fan de rie, kolleezje, griffier, amtners en ynwenners fan ús gemeente

De tiid hâldt gjin skoft. Dit jildt grif foar minsken dy’t al wat âlder binne. Ik hear ta dizze kategory. Dat is dan ek de reden dat dit myn lêste algemiene skôgingen binne. Ik sil efkes koart wêrom sjen en wat de takomst oanbelanget in pear stiennen yn de fiver smite. Yn de wike dat ik wat neitocht oer “myn swannesang” barden der twa dingen. It kabinet Rutte III kaam nei bûten mei it nije Regearakkoord en Eberhart van der Laan stoar. Rutte III praat de minsken fertrouwen yn de takomst oan. Mar it makket nochal wat út hokker minsken dat fertrouwen ha meie. Grif de minsken mei hege ynkommens, de minsken dy’t dividint barre en de grutte multynasjonale bedriuwen. Mar Jan mei de Pet? AOW-ers mei in lyts pensjoen? Minsken dy’t libje moatte fan in útkearing? Dy fiele de BTW-ferheging fan 6 oant 9% elke wike by it dwaan fan boadskippen. Dit wurdt it kabinet fan “elkenien foar jinsels en God foar ús allegearre”.

En dan Eberhart v.d Laan. Foar de twadde kear ha ik mei iepen mûle sjoen nei “Zomergasten.” Syn útgongspunt by alles wie: “wy moatte de fraachstikken fan dizze stêd oplosse troch in dialooch”. En de wize wêrop Van der Laan it polityk bedriuwen op ynhâld ôfsette tsjin de politike spultsjes en it inoar miggen ôffange, wie my út it hert grypt. It is ek de wize wêrop de PvdA yn Opsterlân de ôfrinne perioade polityk bedreaun hat. Altyd op syk nei de ynhâld. Wy wolle dizze wurkwize graach trochjaan oan de nije PvdA-fraksje yn dizze rie.

As wy wêrom sjogge nei it ôfrinne jier dan springe in pear saken yn it each. Yn it foarste plak hoe kliemsk (stroperich) prosessen ferrinne yn Opsterlân. As wy net útsjogge wurdt de diskusje oer it MFA yn de Gordyk foar de twadde kear oer de ferkiezingen hinne tilt. Want in goed antwurd op de definitive kar kin net sûnder in goede evaluaasje fan it Húsfestingsplan en ynsjoch yn de nije learlingenprognoses. Dit noasket ús net, mar as skot foar de boech: de kant dy’t op driget te gean mei miskien trije aparte gebouwen en in synergyferhaal as ‘doekje voor het bloeden’ noasket ús ek net. Mar misskien is de wethâlderswiksel wol goud wurdich. De fraksjefoarsitter fan OB skriuwt foar de simmerfakânsje in brief oan de rie om Anko Postma te presintearjen as nije wethâlder. Mar die brief is yn wêzen in lofsang op wethâlder Pyt van Dijk. Oer Postma wurdt allinne sein dit it in ferbiner is en in boeresoan . Dat wurd ‘boeresoan’ komt op de jûne fan de ynstallaasje op ‘e nij twa kear foarby. Ek út de mûle fan wethâlder Postma sels. Dat makke ús oan it skrikken. Wethâlder Kooistra is ek in boeresoan, mar wy ha dêr nea immen oer heart. Wurdt de boeresoan no de standert om kolleezjelid te wurden? En hoe sit it dan mei boeredochters? De heit fan de takomstige kandidaat-wethâlder fan de PvdA hie trije kninen en in geit, mar is dat foldwaande? Ús fraksje pleitet derfoar -mei alle natuer en bosken yn ús gemeente- dat op syn minst ek bern fan boskwachters troch de ballotaazje komme yn in folgjend kolleezje.

Spitigernôch is ús stribjen om de fersnippering yn dizze rie tsjin te gean net slagge. Ek op dit mêd woe elkenien foar himsels gean. Ik hoopje dat de kiezer yn maart dat net ferjitten is en tinkt, as elkenien foar himsels gean wol, dan giet de PvdA wol foar ús allegearre. Dat wy foar dy progressive gearwurking ús nekke útstutsen ha wie net allinne ynjûn troch efficiency, mar ek omdat de útdagingen fan de takomst freegje om in stevich sosjaal en progressyf lûd. Dat jildt foar in lokale klimaatwurklist en de ontwikkelwurklist op it mêd fan it sosjaal gebiet. Mar dat jildt ek foar de wize wêrop wy dizze gemeente bestjoere wolle. As de rie fan Opsterlân de ‘krêft fan de mienskip’ serieus nimt dan moatte wy net hingjen bliuwe yn papieren kantelingstheorieen, mar dan sille wy it lef ha moatte om boargers, bedriuwen en it maatschippelyk middenfjild it rjocht te jaan om it better te dwaan en ús as gemeente út te dagen. Mei moaie wurden hyt dit ‘right to challenge. Dat besparret jild en burokrasy. Dat jild kin dan wer brûkt wurde yn doarpen en strjitten wêr’t boargers taken fan de gemeente oernimme. It ferheget de belutsenheid fan boargers by harren direkte omkriten.

As it giet om oars bestjoere, moatte de koalysjebesprekkingen yn it foarjier wat ús oanbelanget yn it iepenbier plak fine. OB sil it der grif mei iens wêze want OB tsjinne yn febrewaris fan dit jier al in amendemint yn oer it iepenbier gearkommen fan it Presidium, mei as taljochting dat net allinne politike beslútfoarming iepenbier wêze moat, mar ek it proses dat liedt ta beslútfoarming. Noch leaver sjogge wy in riedsprogramma, wêrtroch wy it dualistysk karakter fan de rie noch fierder fersterkje kinne. Wy binne de ôfrinne jierren al op de goede wei. By it yntegriteitsdebat hat de PvdA dêrfoar al in tal ideeën nei foaren brocht. By dat riedsprogramma sykje wy wethâlders dy’t it riedsprogramma útfiere. Net de politike kleur fan de wethâlders is dan bepalend, mar har kwaliteit en it fertrouwen wat de rie yn dy minsken hat. It kin dan samar foarkomme dat de Christen Unie en de PvdA tegearre ien kandidaat leverje. It soe ek samar kinne dat de PvdA en Opsterlanders Anko Postma kandidaat stelle as wethâlder. Hy is ommers -ek nei eigen sizzen- de meast linkse wethâlder dy’t Opsterlân hat of hân hat. No bestiet links en rjochts hjoed de dei allinne noch yn it ferkear, mar hawar hy is wol in boeresoan. Dat skeelt foar ús dan wêr it sykjen nei in boeredochter op de kandidatelist fan de PvdA. Mar alle gekheid op in stokje, de kearn fan dit betooch is dat wy mei in riedsprogramma -yn de wurden fan Eberhart van der Laan- miskien de problemen fan Opsterlân troch dialooch en gearwurking better oplosse kinne. En dêrmei kinne wy de demokrasy ek noch ris in tsjinst bewize. It mei dúdlik wêze dat politisy dy’t mear hâlde fan politike spultsjes en efterkeammerkes hjir net bliid fan wurde. De tiid sil it leare, mar dy tiid hâldt gjin skoft. Pak de kâns om ek kwa bestjoersstyl Opsterlân op de kaart te setten!!

Wy sjogge de begrutting 2018 as in oergongsbegrutting. Troch in boekhâldkundige “truc” is der mei prekario-opbringsten út 2012 en 2013 loft yn de begrutting pompt. As dat net bart wie dan hie de begrutting 2018 in tekoart hân fan € 180.000. En sels mei dit tekoart hie it kolleezje de rie foarstelt om de OZB mei 4,1% te ferleegjen. Dat hie dan ta koste gien fan in folgjende greep yn de algemiene reserves. Foar ús heart dat yn de kategory ‘Kannie waar zijn’. Wy hiene folle leaver hân dat dit bedrach fan € 171.000 in kollektive bestimming krigen hie. En it mei wat ús oanbelanget ik reservearre wurde foar in winsk dy’t wy ha om yn de takomst mear te ynvestearjen yn frijwilligerswurk. Wy tsjinje hjir daliks in moasje oer yn. Want litte we wol wêze. It werom jaan fan dy pear euro yn de moanne oan besitters fan in eigen hûs heart yn de kategory ‘polityk winsklik’. Us ôfwaging by it ynsetten fan kollektyf jild sil altyd wêze of it maatskiplik relevant is. Maatskiplik relevant binne dy saken wêr minsken fan wekker lizze. Dat giet oer bern dy’t opgroeie yn earmoed, dy’t moarns mei in lege mage nei skoalle fytse . Dat giet oer âldere minsken dy’t iensum binne. It is it ferskil tusken eigen belang (OZB ferleegje) en maatskiplik belang. It makket dúdlik dat in oerheid dy’t syn sosjale fearren noch net ferlern hat, kieze moat foar ús allegearre. En dat in oerheid earlik en betrouber wêze moat. Omdat it hjir giet om in oergangsbegrutting hoopje wy it oare jier op nije kânsen. Wij sille daliks (mei út namme fan in tal oare partijen) twa amendeminten yntsjinje; ien oer de Rekkenkeamer en ien oer de besuniging op doarpshuzen.

Ta beslút foarsitter

Tank oan alle minsken dy’t wurke ha oan dizze begrutting. Ek tank oan it kolleezje, de griffier, de bodetjinst en de leden fan dizze rie, dy it mooglik meitsje ús wurk te dwaan.

Roel Vogelzang, fraksjefoarsitter PvdA

Roel Vogelzang

Roel Vogelzang

Roel wordt de nieuwe fractievoorzitter. Roel is een energieke en enthousiaste man met veel ervaring. Hij is sociaaldemocraat in hart en nieren. Kan door zijn werkervaring in maatschappelijke organisaties en bij diverse gemeenten, en vanuit zijn huidige functioneren als schaduwfractielid, de PvdA idealen goed vertalen naar praktisch beleid. Hij kan de fractie verbinden en het team

Meer over Roel Vogelzang

Waar ben je naar op zoek?