Door op 12 november 2013

Algemene beschouwingen PvdA begroting 2014

Op 4 november heeft fractievoozitter Joukje van Roeden voor de laatste keer in haar Raads carrière namens de fractie haar algemene beschouwingen uitgesproken over de begroting 2014 van gemeente Opsterland. Aansluitend vindt u de inbreng van de PvdA tijdens de begrotingsbehandeling.

Algemiene Skôgings gemeente Opsterlân

4 novimber 2013

 It is rom tolve jier lyn dat Hein Pasma by my op ‘e stoepe stie. Hy stelde my de fraach of’t ik der wat foar fielde om my út namme fan de PvdA, kandidaat te stellen foar de gemeenteriedsferkiezings. It earste wat doe troch myn holle skeat wie de fraach: Kin ik dat wol? It wie eartiids ‘Us Anita’ dy’t my der fan wist te oertsjûgjen dat ik it foaral dwaan moast.

Ynmiddels binne wy dus tolve jier fierders. In bysûnder momint, want neist dat dit de lêste Skôgings fan dizze riedsperioade binne, binne dit ek de lêste skôgings fan my as fraksjefoarsitter fan de PvdA Opsterlân. En hoewol it noch net sa fier is, fielt it foar my doch as in soarte fan ôfskiedsrede.

It is in goed momint om werom te sjen op de ôfrûne fjouwer jier. Werom te sjen op dat wat wy as PvdA mei ta stân brocht hawwe. Dêrneist sil ik fansels ek stil stean by de notiid. En, sa as jimme mei kinne, sil ik it net litte om op it ein de kâns te benutten om ek wat mei te jaan foar de takomstige riedsperioade.

Werom sjen

De start fan dizze riedsperioade wie oars dan ferwacht. En ik wol wol bekenne dat it yn it begjin best wol efkes wennen wie yn de nije rol fan opposysjepartij. Sommigen hienen ferwachte dat de PvdA-fraksje foars yn ‘e opposysjerol gean soe. Mar de fraksje hat der bewust foar keazen om de gearwurking te sykjen, mei sawol de opposysjepartijen as mei de koalysjepartijen. It politike spul is foar ús in middel om it doel te berikken, om op basis fan idealen de krekte beslissingen te nimmen foar de ynwenners van Opsterlân. Boppedat hat de ôfrûne perioade ek wol bliken dien dat de politike partijen yn Opsterlân it oer 80% frijwol altyd iens binne. Fan út die gedachte hawwe wy de ôfrûne fjouwer jier ynfolling jûn oan ús opposysjerol.

Betsjut it dan dat wy ús dan hielendal net ûnderskieden hawwe de ôfrûne fjouwer jier? Nee, der binne in oantal dossiers wêr’t de PvdA-fraksje wis it ferskil makke hat.

Sa hawwe wy it foartou naam by de ta stân kommen fan in MFC yn Lippenhuzen.   Ik doar mei rjocht te sizzen dat wannear de PvdA hjir net it foartou naam hie, it mar de fraach is oft der dan wol in MFC kaam wie dat op foldwaande  draachflak rekkenje koe fan de ynwenners fan Lippenhuzen. En hawwe wy de koalysje mooglik in bestjoerskrisis witte te besparjen.

Ek hat de PvdA in dúdlike ynbring hân yn de diskusje oer ‘Vitaal Opsterland’. Ek hjir wie it rjocht dwaan oan ‘e ynbring fan de doarpen en it ûnderwiis in wichtige pylder fan ús ynbring. Middels in amendemint ha wy bedongen om de ynbring fan de Pleatslik Belangen en it ûnderwiisfjild te belûken by de fierdere diskusje. Neffens ús fraksje wurde der net genôch dien mei de ynspraak fan út de doarpen. Pas doe die ynbring feilich steld wie, wie it mooglik om ek as PvdA yn te stimmen mei de fierdere fuortgong fan it proses.

Notiid

Mar, dit alles leit yn it ferline. Hjoed besprekke wy de begrutting foar 2014 en fierder. De begrutting lit ek no wer sjen dat de gemeente Opsterlân de finânsjes goed op oarder hat en dat der gjin grutte yngrepen nedich binne. De PvdA kin de begrutting op haadlinen ûnderskreauwe. Dat leit oars wat it beëinigjen fan de subsydzje oan ‘e Stichting VluchtelingenWerk oanbelanget.

Ofrûne wike ha wy in brief fan it kolleezje hân, wêryn se noch ris probearret út ‘e lizzen wêrom der foar keazen is om foar de begelieding fan statushâlders, de subsydzje oan Stichting VluchtelingenWerk foar 2014 ôf te wizen en oan Timpaan Welzijn ta te kinnen.

Yn it kader fan ‘e Participatiewet binne der ûntwikkelingen dy’t der ta liede kinne dat de begelieding fan statushâlders op in oare wize organisearre wurdt. Op dit stuit is noch net dúdlik hoe, yn de rin fan 2014 sil hjir mear oer bekend wêze. Wy fine it dan ek frjemd dat dêrop foarút rinnend de subsydzjeferliening foar 2014 op Stichting VluchtelingenWerk wurdt beëinige, no ûndúdlik is hoe dizze begelieding fanôf 2015 organisearret wurdt. Wat ús oanbelanget soe 2014 benut wurde moatte om nei te gean hoe dizze begelieding ûnder de nije wetjouwing der út moat komme te sjen en mei hokker partijen de begelieding foar harren rekkening nimme moat. Hjir wurdt in moasje yntsjinne troch de fraksje fan Opsterlanders, dy’t wy tegearre mei harren opsteld hawwe.

Foar de ynwenners fan de gemeente Opsterlân binne de gefolgen fan de ekonomyske krisis merkber.  Bedriuwen geane fallyt, minsken ferlieze harren baan en dêrmei in grut diel fan harren ynkomsten. Dat hat somtiden fiergeande ynfloed op harren libben en dat is sichtber.

De earmoed yn Nederlân nimt as gefolch fan de ekonomyske krisis wer ta. De sifers wize út dat san 1,5 miljoen ynwenners fan Nederlân konfrontearre wurde mei earmoed, wêrûnder san 380.000 bern.

Bygelyks is de ynfloed fan de gemeente op de ekonomyske krisis mar beheind, mar se is wol by steat om de gefolgen dêrfan foar har ynwenners in bytsje te beheinen. Ien fan dizze maatregels is earmoed bestriding, wêr it kabinet foar 2013, 19 miljoen Euro beskikber foar steld hat. It giet hjir om de saneamde Jetta Klijnsma-jilden. De steatssekretaris set foaral yn op earmoed ûnder bern. Ek de lanlike berne ombudsman hat lêstendeis oanbefellings dien om yn gemeenten in bernepakket gear te stallen wêrby ûnderdielen rjochtstreeks ten goede komme oan bern. Foar de jierren dêrnei komme struktureel foar dit doel noch ris 80 oant 100 miljoen Euro beskikber foar gemeenten.

De wethâlder hat mei op oandringen fan de PvdA-fraksje foar 25 novimber e.k. in ynformaasjejûn oer dit ûnderwerp organisearre. Foarút rinnend op de mear fûnemintele diskusje wol de PvdA-fraksje dat it oan de gemeente beskikbere stelde jild foar 2013 terjochte komt by de doelgroep bern. Foar de gemeente Opsterlân giet it om rom € 31.000.

Ut de Gemeentlijke Armoedemonitor yn Opsterlân docht bliken dat rom 400 bern yn in gesin libje mei in minimum ynkommen (oant 110% fan it sosjaal ynkommen). Dat betsjut dat foar elk fan dizze bern yn Opsterlân € 75,– netto beskikber is. Oan ‘e hân fan in moasje freegje wy, tegearre mei de fraksje fan ‘e VVD, it kolleezje foar 2013 “bûter by de fisk”. Foar de jierren nei 2013, sille wy as rie de kaders noch opstelle.

Takomst

It stilstean by it ferline en de notiid, freget ek om in foarút blik op ‘e takomst fansels. Ik wol dêrfoar koart yngean op in oantal ûnderwerpen wêrop de PvdA harren yn de takomst op rjochtsje bliuwe sil.

Ek de kommende fjouwer jier sille pynlike keuzes makke wurde moatte. Dêr sil de PvdA net foar wei rinne. Wy sille boargers mear oansprekke moatte op harren eigen ferantwurdlikheid. Wy wolle graach oanslute by alderlei maatskiplike inisjativen dy’t ûnstean. Dat freget om iepen bestjoeren, wêrby de gearwurking socht wurdt mei boargers op strjitte en yn ‘e doarpen. Dêrby moatte wy útgean fan fertrouwen yn boargers, kommunisearje en ynteraktive beliedsfoarming. Kommunikaasje begjint mei lústerjen nei en útgean fan boargers, yn stee fan tinke foar boargers. Wy fine dat wy de kommende jierren ynvestearre moatte om ek jonge minsken mear by beliedsfoarming te belûken.  It gebrûk fan sosjale media en it trochûntwikkeljen fan ‘e gemeentlike webside helpe dêrby.

Wy sille de kommende jierren skerp yn ‘e gaten hâlde oft der binnen it nije sosjale belied gjin minsken tusken wâl en skip reitsje. Fan út ús reade hert sil de PvdA harren ynsette bliuwe foar in goed sosjaal fangnet, foar in adekwaat gemeentlik earmoedbelied en skuldhulpferliening. Wy sjogge earmoed net allinne as in probleem fan bepaalde persoanen en groepen, mar as in probleem fan de hiele mienskip.

Opsterlân is in prachtige gemeente en moat in gemeente bliuwe wêr it noflik wenjen en rekreëaren is. Dit betsjut wis net dat der gjin ûntwikkelingen mooglik binne. Krekt rjochtoarsom: Om in goede wen- en rekreaasjegemeente te bliuwen is ûntwikkeling in betingst. De gemeente mei net in museum wêze, wêryn alles by it âlde bliuwe moat. Nije grutskalige bedriuweterreinen passe net yn dizze ûntwikkeling, mar lytsskalige inisjativen wis en seker wol.

Ta beslút. Tegearre mei myn fraksjegenoaten Ria Blaak en Henk de Vries nim ik ynkoarten ôfskie fan de Opsterlânske gemeenteried. Dat wol net sizze dat jim ús net mear tsjin komme sille. Wy binne alle trije bûtengewoan maatskiplik belutsen, alle trije op ús eigen wize. Grutte kâns dat jimme ús yn ‘e takomst wer tsjin komme sille, want…. De PvdA yn Opsterlân is ek foar de takomst (b)rood-nodig!

Waar ben je naar op zoek?